Museum Martena: it abstrakte en minimalistyske wurk fan Bowe Roodbergen

Publisearre op 30 juni 2023

Bowe Roodbergen

Bowe Roodbergen

No te sjen yn Museum Martena yn Frentsjer, in oersichtstentoanstelling fan Bowe Roodbergen (Grou, 1954). ‘Myn keunst soene je geometrysk-abstrakt neame kinne, of minimalistysk. Hast al myn wurk is swart of wyt, of beide, in inkelde kear in spatsje kleur. Yn sawol myn platte wurk as yn myn ljochtobjekten komme je werhelling tsjin, myn streven nei perfeksje, nei puerens. Wat oerbliuwt is de estetyk, net de etyk, mar de langstme, de sucht nei it moaie, de flecht yn oandwaning troch ienfâld. Gjin grutte wurden, earder de grutte stilte.’

Keunstresinsint Rients Kooistra iepene de eksposysje: ‘In jouw werk is er tegelijk zoveel perspectief, dat ik bijna fysiek mijn eigen zwaartekracht ervaar. Dit, omdat het perspectief zich niet direct openbaart, het kan dichtbij zijn of ver weg, of allebei tegelijkertijd. Door het weglaten van voorstelling word je je bewust van je eigen aanwezigheid en geeft het gebruik van het materiaal en textuur een fysieke ervaring van hoe iets voelt.’

Roodbergen makket wurken op papier, lampen en oare objekten. Kenmerkjend foar syn wurk is de subtiliteit, it each foar detail en de perfeksje dêr’t er syn kreaasjes mei stal jout. Syn lampen binne makke fan tige útinoar rinnende materialen, fariearjend fan papier en stof oant stiel en hout. Mei minimale en subtile yngrepen wit er op boartlike wize ta aventoerlike kreaasjes te kommen dy’t op ‘e grins balansearje fan gebrûksfoarwerp en byldhouwurk. Bowe: ‘Wêr’t de oarsprong fan myn wurk leit? Wêr’t ik myn ynspiraasje weihelje? Dêr moast ik oer neitinke. Ienkear fotografearre ik. Gjin kleur, mar swart-wyt. In stap ferwidere fan de werklikheid. Ik learde te sjen, te sykjen nei wêr’t it no eins om giet. En geandewei waarden de bylden hieltyd kealer, waarden werombrocht nei flakken en linen. En dat bleau, ek yn myn lettere wurk.’

Bowe Roodbergen

‘Ik bin opgroeid op it Fryske plattelân. Swarend troch greiden, by sleatkanten lâns, dwalend mei it sylboatsje oer plassen en marren. En dêr, middenmank dy ûneinichheid, dy romte, mei sicht op de kimen, en fierder noch, faak allinne, omjûn troch de stilte, troch lûden fan de natuer, dêr leit myn oarsprong, myn ynspiraasje. Dêr leit myn hert.’

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels