• 2 april 2024

    Nim in boek en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature. Sakje hearlik ûnderút yn in lekkere lêsstoel en ferjit even alles om dy hinne. Page Against The Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen. [...]

  • 8 maart 2024

    wantij toen de nacht begontijdens springtijstormde hetik zwom alleen maar ik zwom niethet strand ver weghet had nooit bestaanboven mij wolken en brandingdaarna nietsik dreef. ik gleed weg net als jijvingers duwden mij onder waternaar een andere zeeik lag in een ondiepte in grijze kleiik viel stilpieren doorknaagden mij tot op het botzeewier weefde door mijn harener was geen tijd en niets heeldeer was geen [...]

  • 13 februari 2024

    Stedsdichter Marrit Jellema hat in fideo opnaam wêryn 't sy it gedicht Geen ode zonder pijn foardraacht en harsels foarstelt oan de bewenners fan de gemeente Ljouwert. Ek fertelt Marrit Jellema wat se as Stedsdichter berikke wol; se wol yn kontakt komme mei alle doarpen en wiken en sa poëzy yn de hiele gemeente Ljouwert ta libben bringe. Ek draacht se by offisjele gelegenheden in [...]

  • Natalia Balanina, Skriuwersfakskoalle

    1 februari 2024

    Benijd nei dyn skriuwtalint? Nei watsto yn de pinne hast, watsto te fertellen hast? Kom dan nei de fergees tagonklike yntroduksjeles fan de Skriuwersfakskoalle. Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 28 febrewaris set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar [...]

  • 31 januari 2024

    Marrit Jellema (30) is tiisdeitejûn beneamd ta nije Stêdsdichter fan Ljouwert. Yn de Westertsjerke makke wethâlder Hein Kuiken nei in koart programma bekend dat de kar fan de sjuery op de spoken word-artyst fallen is. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf. Marrit Jellema en Ronald Wijnia stelle har foar yn de Westertsjerke. Fjouwer finalisten bleaune nei in earste rûnde oer. Ien fan harren (Hendrik Willemsen, [...]

  • 8 december 2023

    Arjan is Dichter fan Fryslân wurden en Gabrielle ynwenner fan Frjentsjer, se ha der fan alles oer te fertellen, want hoefolle stress hat Arjan en wat is der te dwaan yn Frjentsjer as der net iens in boekwinkel is? Bert de Vries draacht syn gedicht Gjalp foar en Arjan syn earste DfF-gedicht Twifelje mei (ferzje 5 1/2). Gjin boekwinkel yn de hiele stêd? [...]

  • 6 oktober 2023

    Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr Kafee. M.G. NUNEZ-PRINSEN  “Jim meie der wol bykomme hear, op [...]

  • 21 augustus 2023

    Ik hâld de jûn yn myn hân as wie it in apel dy’t eins daliks opiten wurde moat, want hy stiet op it rantsje fan bedjerren. De skimer falt hoeden oer it kanaal, de brêge en de stille treppen by myn finster del. Alles is sa feroarlik as de maitiid. En ik: hjir ferside, yn dit stjerrende ljocht dat falt as op in skilderij fan [...]

  • 11 juli 2023

    "In moanne as wat lyn fielde ik al dat der wat rommele oan de hoarizon, der hong wat  yn de loft, in frjemde, nuvere spanning. Stilte fan wantrouwen foar in stoarm fan ûntefredenheid. Men wie dwaande  in nij oersjoch fan de Fryske poëzy gear te stallen, erges yn in keuken op it Fryske plattelân." Dit boekje bevat een interessant overzicht van en [...]